Terug naar de eerste pagina

Info | Forum
~~~
Tichelwurk - Stiens | Huizen en bewoners | Foto's

 
 

Tichelwurk nûmer 11

Understeande ynformaasje is oernaam út de Wynser Courant fan desimber 2004 (jiergong 8, nûmer 4). Yn de rubryk “Yn petear mei “ en “In Wijns staat een huis” waard oandacht bestege oan it Tichelwurk nûmer 11. Dit is it hûs, mei winkel, wêr’t de famylje De Jager fan 1948 oant 1964 wenne hat.

Jan de Jager: Foar ús trouwen yn maaie 1948 hie Tichelwurk sels twa winkels, oan wjerskanten fan de brêge ien. Us heit en mem hiene op Tichelwurk Noard fan 1914 ôf al in winkel. Yn ‘e tritiger jierren wie ik boerefeint yn ‘e ûngetiid en fierder holp ik thús ek altyd mei. Wy koene de winkel fan L. Wagenaar oernimme en de oare winkel fan mem (heit wie al stoarn) hold doe op. Mem kaam by ús yn te wenjen. Njonken ús wenne Rinze de Vries. Hy die de oerset, dy’t tige wichtich foar Tichelwurk en Wyns wie, omdat der in soad bern fan Tichelwurk yn Wyns op skoalle gongen. Doe’t ús âldste (Daan de Jager) op skoalle kaam yn 1956 wiene der wol 68 learlingen yn Wyns op skoalle.
Geertsje (frou De Jager) die de winkel en ik it útsuteljen. Dat gie foaral oer it wetter. Earst waarden de boekjes ophelle mei de bestellings, thús waard it guod ynpakt en dan yn de skou der op út. Altyd, yn waar en wyn, je wiene krekt in hazze.
Wy hiene op Tichelwurk gjin tillefoan. Foarhinne moasten wy nei Seinstra, dat wie noch in hiel ein, mar wy koene der wol altyd oanklopje, ek midden yn ‘e nacht. Letter ha wy mei ús trijen (Piebe de Boer, Wieger Minnema en wy) tillefoan oanfrege. De oare twa ha it wol krigen, mar wy net. Geertsje: “Wat in útkomst wie dat, doe’t wy yn Wyns (1964) wol tillefoan hiene“.

Wy ferkochten DE-kofje en –tee, tabak en sjerp, sjippe en polka mar ek petroalje en klompen, kowedekjes en hoarnetouwen ensfh. As wy it net hienen dan soargen wy dat wy it krigen. Wy wiene ek by in organisaasje oansletten, earst by de ‘Centra’, doe by ‘Oostergo’ en letter by ‘Enkabé’. Der waard eins neat fuortendaliks betelle, alles waard opskreaun. Jan helle letter de sinten op. Sa gie Jan ris nei Tichelwurk Noard om jild, stie dat minske mei in mes foar Jan, wylst har man gewoan yn ‘e hûs siet.

It wie in drok libben, moarns om fiif oere wiene wy al warber. Allebeide laitsjend : jûns om tsien oere en sels op snein kamen der noch wol klanten, al wiene dat wol faak de selden. Achter de winkel stie in grut pakhús op in lape grûn fan wol in heal pûnsmiet. Jan : Letter hie ik in brommer en sutele ik sa nei Stiens ta. De dyk wie wol sa min mei allegearre gatten en de brommer wie betiden folladen mei wol fiif tassen achterop, dat ik moast hielendal foaroer hingje om de tsjillen op de dyk te hâlden. Lokkich ha ik noait in ûngemak hân, letter yn Wyns wol.

Al wie it noch sok min waar, de boadskippen moasten teplak. Mei sterk iis joech dat gjin swierrichheden, it guod op de slide en sels op redens. Fansels moasten de klompen wol mei.
Folle minder wie it as it is noch net sterk genôch wie. Geertsje: Foar ús bern wie dat nuodlik. Wy hiene planken en in tou oer de Ie. Sa binne ús âldsten ek ris mei de fyts tusken de planken kommen en rekken se der sa yn. Lokkich is dat allegearre goed beteard.

De skiednis fan Tichelwurk en de oankeap fan nr. 11

De skiednis fan hiel Tichelwurk is tige ynteressant, benammen omdat Tichelwurk foarhinne folle grutter west hat. Dat kaam foaral omdat der in ‘Stienfabryk’ stie, dêr’t spitigernôch net folle mear fan bekend is. Oan de nûmering fan de hûzen kinst it ek sjen dat der mear stien hat: tusken nr. 13 en nr. 20 falt in gat.
Yn elts gefal hawwe Jan en Geertsje it lytse hûske njonken har yn 1957 kocht foar 190,- gûne. It hûs, dêr’t in gesin yn wenne hie mei wol 14 bern, wie doe al ûnbewenber ferklearre. Oer de skiednis fan winkel nr. 11 is it folgjende bekend: De winkel fan Luitzen Renzes Wagenaar wurdt op 3 juny 1948 ferkocht oan Jan en Geertsje de Jager. Yn ‘e akte stiet:
Gemeld onroerend goed is door verkoper verkregen blijkens koopacte de tweede Juni negentien honderd twee en twintig ............ deze ver- en aankoop is geschied voor de prijs van ........ ( 3200 gulden) ........ terwijl voor goodwill van het bedrijf ...... (800 gulden) is bedongen.

Dit wie de skiednis fan de winkel fan Tichelwurk op nr. 11. Spitigernôch witte wy net krekt hoe âld it hûs is en as it foar 1922 ek al funksjonearre as winkel.

Bydrage ynstjoerd troch Jan Piet Bergmans, âld-Wynser, juny 2007

Op de foto frou de Jager mei ien fan har bern foar de winkel op nûmer 11